SDS nei spannende spulregelwedstriid útskeakele

Wepperkes -freed-
28 januari 2005
Mear foto’s spulregeljûn
29 januari 2005

Freedtejûn wie der yn de kantine fan SDS in echte spulregelwedstriid. Organisseare troch de skiedsrjochtersferiening fan regio Snits. Drege fragen en de dielnimmers moasten yn de earste ronde 10 skriftelike fragen beanderje. It waard in spannende striid

Helaas is it SDS krekt net lukt om troch te gean nei de provinciale finales yn Ljouwert. SDS moast YVC 2 op 1 punt foar gean litte.

Útslach:
YVC 2 met 269 punten
SDS 268 punten
YVC 1 met 263 punten
De Walde 243 punten
De yndividuele winner wie wol in SDS ‘er. Thierry de Vreeze wist 85% fan de fragen goed de beantwurdsjen. Dit wie al goed 123 punten.


Op de foto û.o. Geert Dijkstra foar SDS.

De skiedsrjochters wiene dan ek yn grutte getale oanwêzich. Sa sieten û.o Beelen, Osinga, Jullens, Hoekstra en Zeeman yn de jury. Sy mochten de antwurden mei in sifer wardeare. Dêrneist wie der noch in fragestellende skiedsrjochter, in briefke briefkesbyelkoarsykjende skiedsrjochter, in skoreskiedsrjochter, in foarsittende skiedsrjochter (DDR)en in in reserve skiedsrjochter.

Grutte konsintraasje wie nedich by drege fragen

Ek Bote Strikwerda hie it betiden dreech en wy hearden yn de izige stilte betiden syn harsens kreakje.

Thierry de Vreeze hie gelok, hy krige in keepersfraach en skoorde prima foar SDS.

Sjoerd Rispens wit hiel goed hiel goed hoe’t je liftend yn Gotenborg komme moatte, mar at er ek wit de regels foar in sliding broekje binne is mar de fraach.

Alle skiedsrjochters yn de jury wiene it soms net iens. Wylst Zeeman in 10 joech foar in antwurd joech Hoekstra 0 punten.

De publike belangstelling foel tsjin. 2 heiten út Drylts, in heit en in mem út Ealahuzen, Enne Johannes, Hieke en Akke wiene de ienigen. En fansels de redaksje fan de Treffer.