SDS-League: Twa koprinners yn de SDS-League!

Weppers moandei 3-3-2025
3 maart 2025

It is ‘Frarjansescoe Frarjanjoli’ fan Stefan van der Velde dy’t de wykpriis pakt mei mar leafst 99 punten. Hjirmei hat hy 6 mear as Eriks ‘Jopie Kwast’.
Sy meie dêrmei de kopposysje yn de SDS-League diele.

Der wienen aardich wat punten te ferdielen dizze wike en dan kin der in hiel soad barre yn de stân.
Sa ís ‘Balletje Balletje’ fan Grietzen Broersma mar leafst 34 plakken stegen.
‘Meesterlijk Melle’ de Boer is mei 31 plakken de grutste daler….
Lokkich genôch stiet hy noch boppe ‘Zwabberkoning’ omke Ate Feike de Boer.
Oer heit ‘GefeliciTeade’ de Boer hoefe wy it net te hawwen.

Dooitze Nauta stiet mei ‘Skobberdebonk’ wer op syn fertroude lêste plak. Wy sille de SDS-paraplu fêst klear lizze.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 2