Weppers tongersdei 3-11
2 november 2011Weppers freed 4-11
4 november 2011It is dizze wike Jaap dy ’t mei “Torpedo Toering” de wykpriis pakt. Hy hie mar leafst 62 punten. Hjirmei giet hy ek lyk fan it 19e nei in dield earste plak tegeare mei “Hey Ho Let’s Go”.
Jaap giet as in raket dizze wike en wuift nei Sjoerd!
Fansels is it wichtich foar Jaap dat hy boppe-oan stiet yn de SDS League, mar hy fynt it miskien noch wol sa wichtich dat hy foar it earst dit seizoen boppe syn “eks-echtgenoat” Sjoerd van B. stiet. Hy slaat lyk in gat fan mar leafst 19 punten. Dit koe Sjoerd wolris in kratsje kosten gean……..
“FC Rikkert” is de tried wat kwyt. 2 wiken werom stie it team fan Tsjipke-Klaas Okkema noch boppe-oan en no sakket hy fan 4 nei 17 mei mar 14 punten. “Rikkert” moat miskien wer ris wat oare brokjes hawwe.
Eeltsje Postma hat blykber pech mei de “Puch”. Hy pakt mar 10 punten en sakket fan 25 nei 51.
W.I.B.D.M. fan Bauke Dijkstra stiet noch altiten stiif ûnderoan. Dochs fertsjinnet hy in plúmke. Ûndanks dat hy Strootman(PSV, reade kaart) en Vlaar(FEY, 6 goals om de earen) yn syn team hat wit hy dochs noch 4 punten byinoar te skarreljen…….. Noch krekt 2 minder as “Jodan-Boys” fan Jeroen Brouwer.
Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 7.