SDS League: Torpedo Toering kampioen!

Weppers woansdei 21-12
20 december 2011
Wepperkes tongersdei 22-12
22 december 2011

Nei ferline wike wienen wy der al sa goed as wis fan, mar no is it definityf. “Torpedo (Jaap) Toering” hat de earste priis wûn yn de SDS League.
Fan herte lokwinske!

Sa seach Jaap syn team derút:
Esteban(AZ), Vertonghen(AJA), Burnet(GRO), Zomer(SCH), Douglas(TWE), Overtoom(HER), Schöne(NEC), Bakkal(FEY), Matavz(PSV), Mulenga(UTR) en Bony(VIT).
De krêft fan Jaap syn team siet dúdlik yn de efterhoede.

Jaap wit al wat hy mei it prizenjild dwaan giet.
Hy hellet 3 potten ferve………


“Peppi & Kokki”(Tom & Pieter) nimme beslach op it 2e plak. Wêr ’t “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens en “de Elf van Delf” fan Johan Delfsma striden om it twadde plakje en beide 33 punten pakten, geane “Peppi & Kokki” der toet,toet, boing, boing, mei de 2e priis fan troch. Sy pakten mar leafst 51 punten.

By it sealfuotbaljen jûch Tom al oan dat Jaap ûferslaanber wie. Wy tochten yn de goal, mar hy bedoelde yn de SDS League………….
Dêrby makke hy ek noch efkes dúdlik dat de SDS League echt in geloksspultsje is. Sjoerd van Beem hat al oanjûn it hjir 200% mei iens te wêzen………..

Yn de lêste wike pakke “Jan, Jans en de Ronnies” fan Jan Stenekes en “Gjin DWOkte” fan Durk Okkema teageare de wykpriis.

“W.I.B.D.M.” fan Bauke Dijkstra koe it lêste plak hast net mear ûntrinne, mar it waard noch efkes spannend doe ’t Vukovic(RJC) in kear skoorde en 2 assists jûch. De rest fan Baukes seleksje hawwe dit ferfolgens it wykein wer “goed” makke.

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 13 (einstân).