SDS-League: Thys Bruinsma’s ‘FC Lollum’ pakt de wykpriis!

Fan de feestkommisje, foar yn de aginda.
23 februari 2026
Fan de feestkommisje, foar yn de aginda.
23 februari 2026

It is dizze wike Thys Bruinsma dy’t mei ‘FC Lollum’ wer ris in wykpriis pakt. Hy bliuwt Tsjalling Sikma mei ‘FC Dronryp’ krekt 3 puntsjes foar. Dêrneist stoarmje beide teams de top 10 binnen.

Marcs ‘Hoekstra City’ stiet noch altiten boppe-oan mei mar leafst 100 punten. Dat is nei 2 wiken al 42 punten mear as syn heit Robert mei ‘Hoekie Boys 74’.

It hiele gesintsje Postma-De Vries stiet kreas op in dield 8e plakje mei ‘BarbEeltje’ en ‘Markreeltje’.

Jaap hat mei syn ‘Torpedo Toering***’ mar ien doel en dat is boppe Sjoerd van Beems ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ te eindigjen. Dat hy no op it 64e plakje stiet makket dan ek neat út. Dat hy 1 puntsje boppe Sjoerd stiet des te mear. Dat sil Sjoerd kommend wykein dan ek wol te hearen krije yn Sevilla. 😉

Ate de Boers ‘DJ Dieter’ nimt it lêste plak oer fan ‘de Roggeberg Boys’ fan Auke Eringa. Dat wurdt foar Ate in wike efter de Sanseveria ferskûlje……. Hielendal no’t syn broer Teade mei ‘T. de B(eter)’ twadde stiet.

SDS League 2025-2026 twadde helte stand wike 2