SDS League: Team Pussy pakt wykpriis!

Weppers woansdei 12-11
11 november 2008
Weppers tongersdei
12 november 2008

“Team Pussy” (Tsjalling Sikma) is aardich opknapt nei de flinke kater fan foarige wike. Sy pakke hiel ferrassend dizze wike de wykpriis mei mar leafst 64 punten.

Boppe-yn de SDS League is der net folle oan. Lolke Hofstra stiet mei “Hallo Venray” noch altiten boppe-oan en Gert-Jan Hiemstra stiet 2e. It ienige wat feroare is dat Gert-Jan 4 punten tichterby komt. It ferskil is no noch 13 punten.

“P. van P.”(Pieter-Lieuwe van der Valk) docht it bûtengewoan goed dit seizoen. Hy stiet op dit momint 11e. Neffens ús hat hy noch nea sa heech stean.

It “30-plusteam” (Aant Hofstra) stiet ek dizze wike noch lêst mei 4 punten minder as “Sa Sawat” (Klaas Pompstra). It gat mei “Cambuur” (Harm Bergsma) is wol hiel grut mei 26 punten.

Dat El Hamdaoui fan AZ sa folle doelpunten meitsje soe hienen wy ek net ferwachte, mar dat hy goed fuotbalje kin seagen wy inkelde jierren werom al doe ’t hy efkes foar de Spurs fuotballe:



Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.