SDS-League: Teades ‘Melle syn subject’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 30-9-2025
30 september 2025
Fuotbal op freed
2 oktober 2025
Weppers tiisdei 30-9-2025
30 september 2025
Fuotbal op freed
2 oktober 2025

Teade de Boer hat it hiele wykein yn de fûgeltsjes sitten op it waad en dat hat syn team blykber goed dien.
Mei 55 punten pakt hy de wykpriis en dat is 8 mear as ‘Piebe’ fan Kevin den Haan.
En mear as 30 mear as syn sweager Jaap van Hellemond, broer Ate en soan Melle.
Wy tinke dat de flagge út giet yn it fûgeltsjelân.

De flagge op it waad út sels!


En rjocht ûnder Melle syn noas.

Sjoerd van Beem is klear mei it Iepenloftspul yn Jorwert en kin him no hielendal rjochtsje op de SDS-League.
Dat levert him mei ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ lyk de kopposysje op.
En dat ek noch op syn bertedei!
Dûbel fan herte lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuh!
Hy nimt de kop oer fan Pieter Sijtsma’s ‘Op de Valreep;)’ dy’t no 3 punten efter stiet.

Fenna Sweering nimt mei ‘ Better dan heit en Tim 2.0’ ôfskie fan it ûnderste plak en docht dizze oer oan ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra.
Durk Okkema stiet noch altiten ‘Krek net’ lêste.

 

SDS League 2025-2026 stand earste helte wike 3