Weppers tiisdei 16-12-2025
16 december 2025Yn Wommels giet hjoed op ‘e nij de flagge út. Teade de Boer pakt mei ‘Melle syn subject’ al foar de twadde kear dizze edysje de wykpriis. Hy hie krekt ien puntsje mear as Stefan van der Velde mei ‘ Moast de bêste spilers de foarkAr jan’ dy’t sa krekt neist syn twadde wykpriis grypt.

‘De Jong Boys, Dirk en Mika hawwe noch net in wykpriis pakt, mar nimme de kopposysje al oer fan ‘FC Op nei de top’ fan Gerlof-Jan Hofstra. It kin noch alle kanten op, want mei noch ien wike te gean is it ferskil mar 2 punten. ‘FC Lollum’ fan Thys Bruinsma stiet op 7 punten.
‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’fan Sjoerd van Beem docht goeie saken en giet fan 13 nei 7. Soe hy dochs noch foar Europeesk fuotbal gean?
Opfallend dizze edysje is dat der mar leafst 9 wykprizen fallen binne by teams dy’t net yn de top 10 stean. Wy binne dan ek benijd wa’t nije wike de lêste wykpriis pakke sil.
Hast de hiele edysje stie ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra ûnderoan, mar no krije sy dochs noch de foarm te pakken. Mei mar leafst 33 punten rinne sy 19 punten yn op ‘Krek net’ fan Durk Okkema. En dat wie ferline wike noch it ferskil. Sy steane no dus hielendal gelyk. Sille sy nije wike de ‘SDS-poedelparaplu’ diele moatte?
SDS League 2025-2026 stand earste helte wike 12


