SDS-League: Stefan van der Velde stiif oan kop

Stefan van der Velde docht mei ‘Frarjansesco Frajanioli’ goeie saken yn de SDS-League. Hy stie al oan kop en pakt no ek nochris de wykpriis. Hy hat 58 punten en de ienige dy’t hjir noch in bytsje by yn de buert komt is Jacob-Klaas Haitsma mei ‘FC Systeemplafond’ mei 54 punten.

Yn de nijste Treffer kinne jim lêze welke spilers Stefan allegear yn syn team hat.

Harm Dijkstra hie mei ‘Wout’ al in minne snein mei it ferlies fan PSV tsjin Ajax en no lit syn team yn de SDS-League it ek noch ôfwitte. ‘Wout’ sakket fan it 8e nei it 13e plak. Lokkich wûn Harm sneon al mei SDS 4 as ynfalleider.

Dooitze Nauta stiet mei ‘Skobberdebonk’ noch altiten op syn fertroude lêste plak. Hy hat no 82 punten minder as ien nei lêste Annejan Hallema mei ‘Ouwe Syl United’. Mar twa mear as ferline wike.
Dooitze kin nei Okke van der Kamp de twadde dielnimmer wêze dy’t in Poedelpriisparaplu wint yn de SDS-League. Dooitze wurdt dan al de earste dy’t dit twa edysjes efterelkoar slagget.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 5

 

Wat te dwaan mei it keunstgers?
1 april 2025
Weppers freed 4-4-2025
4 april 2025