Utnoeging SDS-ledengearkomst
11 november 2025Weppers woansdei 12-11-2025
12 november 2025It like der lang op dat Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ de wykpriis pakke soe, mar hy komt úteinlijk krekt 3 puntsjes te koart.
It is namelijk Stefan van der Velde dy’t mei ‘Moast de bêste spilers de foarkAr jan’ krekt 3 puntsjes mear hat.

Yn maart mochten Erik en Stefan de wykpriis noch diele.
Thys Bruinsma’s ‘FC Lollum’ stiet noch altiten boppe-oan, mar ‘BerbEeltje’ Postma komt mar leafst 15 punten tichterby.
En nûmer 3, Beter Horen’ fan Frank Bervoets sels 16 punten.
Je soenen sizze dat Dirk en Mika’s ‘De Jong Boys’ en Jelmers ‘Postmeister’ sa goed as itselde team hawwe.
Sy steane 5e en 6e mei mar 2 puntsjes ferskil. Dêrneist hawwe sy elke wike hast likefolle punten.
Wy hawwe it neisjoen en it docht bliken dat sy 5 deselde spilers hawwe. Dat falt ta dus.
De reade lantearn is noch foar ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra. Sy komme 6 puntsjes tichterby ‘Krek net’ fan Durk Okkema mar it ferskil is noch altiten 28 punten.
SDS League 2025-2026 stand earste helte wike 8


