SDS League: Sjoerd pakt alles!

Weppers woansdei 13-3
12 maart 2013
Aksjes, aksjes, aksjes!
14 maart 2013

De wike kin foar Sjoerd van Beem net mear stikken. Nei sneon wûn te hawwen mei SDS 2 en jûns de winst fan SC Heerenveen op PSV, pakt hy no ek nochris de kopposysje yn de SDS League en pakt hy de wykpriis mei “Ôfpraat Wurk/ EPO’13”.
Sjoerd kin ek wol fêst in kratsje bier by Jaap Toering weihelje, want Jaap stiet mei Torpedo Toering op it 50e plak en wy tinke net dat hy Sjoerd dizze SDS League noch ynhelje sil.

Dat kratsje kin Jaap wol wer by Sjoerd ynleverje…….as hy him noch hat…….

Opfallend dizze wike is dat Dooitze Nauta mei “Winne fan Aant en Willem moat maklik kinne” sakke is fan it 12e nei it 24e plak. Syn foarsprong op “Ommers it ferskil” en “Hey Ho Let’s Go” wurdt mei de wike lytser. Wy tinke dan ek net dat hy it rêdt…………

“Gerlof-Jan Servet” nimt de reade lantearn oer fan Harm Bergsma. Harm Bergsma hie dizze wike mar 5 puntsjes minder as wykpriiswinner Sjoerd van Beem.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 4.