SDS-League: Simon Bruinsma pakt de wykpriis!

Weppers moandei 10-3-2025
10 maart 2025

It is de keeper fan Mulier 2, Simon Bruinsma, dy’t mei ‘Keemon United’ de wykpriis pakt mei 51 punten. Hy hat krekt ientsje mear as ‘FC WAP-United’ fan Watze-Anne Postma.
Sûnt Lollumer Simon Bruinsma yn Wommels wennet is dit syn earste wykpriis.

En ek noch as troud man.

Grietzen Broersma hie op ‘e nije in knappe wike mei ‘Balletje, balletje’, mar komt krekt 2 punten te koart foar de wykpriis. Wol giet mar leafst 11 plakken omheech fan it 26e nei it 15e plak.

Eriks ‘Jopie Kwast’ hat de kopposysje no allinnich yn hannen. Stefan van der Velde hat mooglik in puntsje yn Sunderland falle litten, want hy hat mei ‘Frarjancesco Frarjanioli’ krekt ien puntsje minder.

Dooitze Nauta stiet mei ‘Skobberdebonk’ noch altiten op syn fertroude lêste plak. Hy hat no 38 punten en dat is krekt ien mear as syn grutse ‘konkurrint’ ûnderyn, Harmen Jacob Postma, yn de ôfrûne wike.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 3