Fuotbal op freed
17 september 2025Foar 10 eurie nei sc Heerenveen – Excelsior
18 september 2025Eindelijk binne wy dan los mei alwer de 71e SDS-League.
Pieter Sijtsma pakt mei ‘Op de valreep ;)’ de wykpriis mei mar leafst 63 punten.

Pieter hat 6 punten mear as ‘FC (Arjan) Hallema en 7 as ‘BarbEeltje’ Postma.
Opfallende namme yn de top 10 is dyn fan Germ Stenekes’ ‘BB’.
Earst 2 fan Feyenoord en doe 2 spilers fan sc Heerenveen, mar úteinlik dochs kreas 53 punten en in moai 5e plakje.
Melle de Boer mei it dit jier opnimme tsjin syn heit en twa omkes. Hy begjint mei ‘Mooi mooi mooi omke Ate wint nooit’ mei 29 punten op it 59e plak mei like folle punten as syn heit Teade.
Omke Ate docht it ‘Forum Sels’ en stiet mei 40 punten 41e.
Winner is dizze wike Omke Jaap van Hellemond út FC Trije Bergen’ mei 41 punten en stiet krekt boppe omke Ate.
Hendrik de Jong hie wer in bliksemsgoed gefoel oer syn nije team ‘Henkie Heisenberg ***’.
Dat betsjut dat it alle kanten op gean kin. Dit kear begjint hy as nûmer 63……….
‘Jildert’ Hiemstra pakt as earste dit seizoen de reade lantearn. Dat seit neat fansels, want hy stiet mar 4 puntsjes ûnder ‘Bulder’ fan Jan Mulder.


