SDS-League: Okke’s ‘Brekken Boys’ pakt de wykpriis!

It is Okke van der Kamp dy’t mei syn ‘Brekken Boys’ wer ris in wykpriis pakt. Hy hat mar leafst 63 punten. Hy giet hjir mei ek noch fan it 14e nei it 4e plak.

Stefan van der Velde docht mei ‘Frarjansesco Frajanioli’ op ‘nij goeie saken yn de SDS-League. Hy stie al oan kop en rint mei syn 60 punten ek noch 11 punten út op nûmer 2, Eriks ‘Jopie Kwast’.

No’t Noppert wer yn de goal stiet by sc Heerenveen liket it mei ‘Noppert United’ fan Mark Klijnsma ek wat better te gean. Hy hie no 49 punten en stijgt wat op de ranglist. No noch in wykpriis.

Dooitze Nauta stiet mei ‘Skobberdebonk’ noch altiten op syn fertroude lêste plak. Hy pakt in nij djipterekord mei mar 4 punten dizze wike.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 6

Woansdei 9 april Kidsrun by sc Heerenveen
8 april 2025
Fuotbal op freed
10 april 2025