SDS League: November Rain pakt de kopposysje!

Wepperkes -freed-
20 mei 2005
Wepperkes -sneon-
21 mei 2005

Hoe sil it ek oars mei dit waar. Mei noch 1 kompetysjeronde te gean pakt November Rain(G.A.T.) de kopposysje.


Hy pakte dan wol net de wykpriis, mar mei 39 punten pakte Der PhanTom(TW mei syn mem) dochs it 6e plakje(fan 9) en hâldt hy kans op in hegere klassering.


In soad feroaring boppe-yn de stân. MJ sjit wer Omheech(fan 13 nei 5), Skrok 11(JdB) dondert nei ûnderen(fan 1 nei 8) en de coach fan Walperterfean(JD) hat it fêst te drok mei syn brulloft hân want hy sakket ek(fan 4 nei 9).

De pake PhanTom draait dit sezoen mei Foarhinne Ponghâlder FC(PW) wer moai lyk. Hy pakt de wykpriis en hat dêrmei syn balans wer moai op 0.

Robert Sybesma lit ek wer efkes fan him heare. Mei 47 punten die hy knap mei om de wykpriis(53 punten) en stijgt hy fan 38 nei 23. Hy hie like folle punten en giet like folle plakken omheech as FC Rambo(SW út Boalsert) dy ’t fan 65 nei 50 giet.

“Loser fan ‘e wike” wie dizze wike Eddy de Boer. Hy pakte mar 15 punten mar gie dochs “mar” 10 plakken omleech yn ‘e stân(fan 15 nei 25).

AC Nijlân(AfdB) tocht dizze wike de wykpriis wol efkes binnen te heljen. Hy die aardich mei mei 41 punten mar kaam dochs krekt wat te koart. Jammer genôch foar him kaam ôfrûne sneon ek syn grutte leafde VV Nijlân krekt te koart om de neikompetysje te ûntrinnen. Hooplik bringt dat skilderij noch wat op……….

Lêste stiet Flyer(TdB)!! Dit sil ek wol sa bliuwe. Wy sille fêst in moai poedelpriiske foar him útsykje. Miskien is in blomke wat?

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de stân:
wike 12.