SDS-League: Melle’s ‘Piep piep, omke Ate’ pakt de wykpriis!

Weppers moandei 26-2-2024
26 februari 2024
Weppers freed 1-3-2024
1 maart 2024

Op de Geins yn Wommels giet dizze wike de flagge út. Melle de Boer fan de JO10-2 pakt mei ‘Piep, piep omke Ate’ de wykpriis yn de SDS-League en kin dêrmei in lange noas lûke nei syn omke Ate Feike de Boer dy ’t neffens ûnbetroubere bronnen noch nea in wykpriis yn de SDS-League wûn hat.

Melle hie mar leafst 76 punten en dat wie krekt ien puntsje mear as ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp dy ’t dêrmei ôfskie nimt fan it lêste plak.
Melle syn joker docht fertúten. Melle hat Wellenreuter fan Feyenoord namelijk op de goal setten en dat liket in knappe set.

Wy hawwe mar leafst 3 koprinners. ‘FC Munnaps’ fan Bote Strikwerda, ‘Circus’ fan Gerbrand Kramer en Douwe-Jan Vellinga en ‘Hampus FC’ fan Jan-Harmen Folkerts hawwe alle trije 179 punten. ‘Jopie Kwast (Erik Haitsma) stiet hjir ien punt ûnder en ‘FC Voed'(Wessel Wijnja twa) punten.


Kreas fjirde

Der binne gjin twa teams eksakt gelyk,want gjin inkeld team hat 3 wiken efterelkoar deselde punten helle. De teams fan ‘Lucky Luke'(Johan Delfsma) en ‘Buurman & Buurman’ fan Anco Bervoets en Kevin den Haan soenen wolris it meast opelkoar lykje kinne. Sy steane tegeare 11e en hawwe hast elke wike likefolle punten.

Fan ‘ruilen komt huilen’ sizze se wolris. Dat jild ek faak yn de SDS-League. Nim ‘Hey Ho Let’s Go’. Foar de winterstop mei Van Bommel(AZ) yn de basis ûnderyn de SDS-League eindige, dus de twadde helte Van Bommel der mar út helle. Lykas Verdonk(NEC). Hjirfoar Van den Berg(PEC) der mar ynsetten. Dit wykein makke Van Bommel twa goals, Verdonk ien en Van den Berg krige 7 goals om de earen……. Al mei al in ferskil fan 31 punten…….

‘Worst-Kaas-scenario’ fan Steven van der Pol hat de reade lantearn wer te pakken nei ien wike it efkes wat hegerop socht te hawwen.

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 3