Weppers moandei 27-10-2025
27 oktober 2025Wa kin der freed fluitsje by SDS Vr.1 7×7 yn Easterein?
29 oktober 2025Koprinner ‘FC Lollum’ fan Thys Bruinsma docht goeie saken. Hy pakt de wykpriis en rint dêrmei lyk 20 punten út op meikoprinner ‘Piebe’ fan Kevin den Haan.
Topper by ‘FC Lollum wie Saibari(PSV). Hy skoorde mar leafst 3 kear tsjin Feyenoord. Saibari allinnich levere Thys al 17 punten op.

Melle de Boer hat in minne wike. Mei ‘ Mooi mooi mooi omke Ate wint nooit’ pakt hy mar 14 punten en it minste is noch…….. omke Ate Feike de Boer giet mei ‘Forum Sels’ Melle foarby yn de stân.
De reade lantearn is noch foar ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra en ‘Krek net’ foar Durk Okkema dy’t noch wer wat fierder út rint.


