Weppers woansdei 26-11-2025
26 november 2025Fuotbal op freed 28-11-2025
27 november 2025Jildert Hiemstra pakt dizze wike de wykpriis. Dat meie je wol ferrassend neame, want hy stie 57e en like foar spek en beantsjes mei te dwaan. No pakt hy samar 44 punten dat is krekt ien mear as ‘Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra en ‘Sc Ouwe Syl’ fan Annejan Hallema.

Yn maart alfêst in winnersfoto fan Jildert makke. Soks komt in kear fan pas.
‘FC Lollum’ fan Thys Bruinsma hie in minne wike en pakte mar 16 punten. Dit kostet him de kopposysje. ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets nimt it boppeste plak fan Thys oer.

‘Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra grypt dan wol krekt njonken de wykpriis, mar hy docht al goeie saken. Sa giet hy fan it 10e nei it 4e plak.
Wylst Melle de Boer en syn omkes Jaap van Hellemond en Ate Feike de Boer mar wat omrommelje der ûnder yn de SDS-League krûpt Teade de Boer mei ‘Melle syn subject’ stadich nei de top 10. Hy hat noch 4 spylrondes om yn de top 10 te kommen.
De reade lantearn is noch foar ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra. Sy komme wer 5 puntsjes tichterby ‘Krek net’ fan Durk Okkema. It ferskil is no 23 punten.


