Woansdei Meinte-Sixmatoernoai foar de jeugd
21 oktober 2025Weppers freed 24-10-2025
24 oktober 2025It is Jelmers ‘Postmeister’ dy’t dizze wike de wykpriis pakt. Hy wie wat op de eftergrûn op it 43e plak, mar makket no in flinke klapper.
Gerlof-Jan Hofstra’s ‘Op nei de Top’ komt krekt ien puntsje te koart foar de wykpriis, mar rûgelt moai de top 10 binnen. Best genôch, want hy wie dizze wike ek al jierdei.

Johans ‘De 11 van Delf’ spilet miskien mei wat minder as 11 spilers, mar dat makket foar syn punten neat út. Van Aanholt(SPA) wie blesseard en spile 3 wiken net. Snein foel hy wer ris yn, pakte de 0 efteryn en makke ek nochris in goal…… Mei 12 punten hie hy in aardich oandiel yn de 55 punten dy’t Johan dizze wike yn totaal pakt.
‘FC Lollum’ fan Mister Mulier Thys Bruinsma stiet noch altiten boppe-aon, mar net mear allinnich. Hy hat selskip krigen fan Kevin den Haan mei ‘Piebe’.
De reade lantearn is noch foar ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra en ‘Krek net’ fan Durk Okkema makket it ferskil krekt wat grutter.


