SDS-League: Jelmers ‘Brouwer-Power’ pakt wer ris in wykpriis!

Programma SDS-nijjierssit op sneon 3 jannewaris
9 december 2025
Programma SDS-nijjierssit op sneon 3 jannewaris
9 december 2025

It is wer ris Jellmers ‘Brouwer Power’ dy’t in wykpriis pakt. Hy stie 50e, hie al in wykpriis en like foar spek en beantsjes mei te dwaan. En no pakt hy gewoan syn twadde wykpriis.

Jelmer hie mar leafst 6 punten mear as Gerlof-Jan Hofstra’s ‘FC Op nei de Top’. Dy sil hjir net rouwig om wêze, want Gerlof-Jan giet wol fan it 5e nei it 1e plak.

Thys Bruinsma’s ‘FC Lollum’ docht in stapke werom nei it twadde plak, mar it ferskil mei de nûmer 1 is mar 1 puntsje.

It is ûnderyn puntsjes sprokkeljen foar reade lantearndrager ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra en ‘Krek net’ fan Durk Okkema. Sy hawwe respektyflik 5 en 4 punten.
It ferskil is no noch mar 19 punten.

Yn de SDS-League binne noch 2 spylrondes te gean.

 

SDS League 2025-2026 stand earste helte wike 11