SDS-League: Jelmers ‘Brouwer Power’ pakt mar wer ris in wykpriis!

ST SDS/Nijland JO19-1 yn byld
7 oktober 2025
Fuotbal op freed
9 oktober 2025
ST SDS/Nijland JO19-1 yn byld
7 oktober 2025
Fuotbal op freed
9 oktober 2025

It is dizze wike ferrassend Jelmer ‘Brouwer-Power’ dy’t de wykpriis pakt. Hy stie 58e, mar makket no in moaie slach mei mar leafst 50 punten.

Mark Klijnsma komt mei ‘Noppert-United’ mei 49 punten krekt ien puntsje te koart foar de wykpriis. ‘Brekken Boys’ fan okke van der Kamp kaam krekt 2 puntsjes te koart, mar die goeie saken. Hy giet fan it 25e nei it 8e plak.

Wy hawwe op ‘e nij in nije koprinner. Mister Mulier, Thys Bruinsma, nimt mei ‘FC Lollum’ de kopposysje oer fan ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem. Sjoerd stiet no op 3 puntsjes fan it boppeste plak.

‘De 11 van Delf’ fan Johan Delfsma is ynmiddels mear ‘De 6 fan Delf’. Hy hat noch mar 6 spilers, mar hat neat te klaaien mei syn 12e plakje.

Wat wienen de lju bliid dy’t Sandler(NEC) yn harren team hawwe. Sandler foel yn by NEC in kertier foar tiid nei in skoftke blesseard west te wêzen. Dêrneist stie NEC moai mei 1-0 foar tsjin Go Ahead Eagles. De eufory duorre net lang……. Sandler krige 2 giele kaarten yn 2 minuten en NEC krige op it lêst noch it heft op de noas mei de 1-1. Foar Sandler dus min 3 punten…..

It ûnderste plak is noch foar ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra en Durk Okkema ‘Krek net’.

 

SDS League 2025-2026 stand earste helte wike 4