SDS-League: In âld-Lollumer pakt de wykpriis!

Super SDS-zaalvoetbaltoernooi 2022
14 december 2021
Weppers tongersdei 16-12-2021
16 december 2021

Dizze wike is de wykpriis foar âld-Lollumer Jan-Harmen Folkerts. Hy docht dit jier foar it earst mei en pakt yn syn debútseizoen lyk in wykpriis mei ‘Hampes FC’. Hy hat krekt ien puntsje mear as Jaaps ‘Torpedo Toering’ en 2 mear as syn maat Simon Bruinsma mei ‘FC Lollum’.

‘Vrijdagavond Feest’ fan Matthijs Postma stiet noch boppe-oan yn de SDS-League en is wat útrûn. Hy stiet no 5 punten foar op Bas van der Weij mei ‘Kansloos’. Nûmer 3, Simon Bruinsma mei ‘FC Lollum’, komt al 6 punten tichterby, mar stiet noch altiten op 15 punten efterstân.

It wurdt noch spannend, want nei kommend wykein is der ek noch in trochdewyks programma. Der binne dus noch twa wykprizen te ferdielen. Wy moatte dan noch efkes sjen wannear’t wy mei de einstân komme.

Stefan van der Velde stiet noch nûmer lêst mei ‘Moast dy bal foArjan”, mar rint op ‘e nij in puntsje yn op nûmer ien nei lêst Arjan Hallema mei ‘FC Hallema’. It gatsje is no noch mar 5 puntsjes. Daliks is de poedelpris noch ‘foArjan……..’

 

SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 12