Weppers moandei 11-11-2024
11 november 2024It is dizze wike Grietzen Broersma dy’t mei ‘Balletje, Balletje’ de wykpriis pakt mei punten. En hy is hjoed ek noch jierdei! Dûbel lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhh!
Grietzen hie mar leafst 59 punten en je moatte djip it klassemint yn om ien te finen dy’t dêrby yn de buert komt. ‘Ouwe syl United’ fan Annejan Hallema giet fan it 44e plak nei it 32e plak mei 53 punten.
‘Grietzen’ hat goed lústere nei de tips fan Van Nistelrooy. 😉
‘Wout’ fan Harm-Auke Dijkstra rint in bytsje yn op koprinner ‘De Twaalfde Man’ fan Dirk Stegenga. It ferskil is no noch 24 punten. Jaaps ‘Torpedo Toering’ stiet op 27 punten. Marc Hoekstra docht it ek mar knap mei ‘Hoekie Boys 13’. Hy stiet op 28 punten lykas jarige job, Grietzen Broersma.
Tim Sweering hat de smaak te pakken. Sneon skoord by SDS 1 en no mei ‘Toros FC’ ek eindelijk fan it ien nei lêste plak ôf. Hy kin no fanôf it 61e plak omheech sjen.
‘Skobberdebonk’ fan Dooitze Nauta stiet noch noflik op it ûnderste plak en hat no ‘FC Jilles’ fan Paul Reitsma ‘krekt’ boppe him.