SDS-League: Franks ‘Beter Horen’ pakt de wykpriis!

SDS FIFA-toernoai op freed 16 maaie. Giet net troch….
11 mei 2025
SDS-League: De trochdewykpriis wurdt dield
15 mei 2025
SDS FIFA-toernoai op freed 16 maaie. Giet net troch….
11 mei 2025
SDS-League: De trochdewykpriis wurdt dield
15 mei 2025

It is dizze wike ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets dy’t de wykpriis pakt mei 46 punten.

Teade de Boer kinne wy krekt net ‘FeliciTeade’, want hy komt krekt in puntsje te koart foar de wykpriis. Hy sil der net folle trienen om litte, want hy sprong al in gat yn de loft om ’t hy no eindelijk boppe syn soan ‘Meesterlijke Melle’ stiet.

De SDS-League hat wol wat fan de Eredivisie. Stefan van der Velde stie mei ‘Frarjancesco Farjanioli’ in ein foar op syn konkurinten, mar it gat is aardich lytser wurden. De nûmers 2 en 3, Eriks ‘Jopie Kwast’ en ‘BerbEeltje’ hawwe wer oan stuorke wikseljen dien en steane no noch mar 7 en 12 punten efter de koprinner mei noch 2 spylrondes te gean.

‘The Greenkeeper’ fan de Skoalleseize, Bas van der Weij, hat mear each foar it sproeien fan de fjilden dan foar syn team yn de SDS-League. Hy sakket fan it 8e nei it 22e plak.
It kaam sneon it B-fjild al ten goede, want dat lei der as in biljertlekken by.

Gert-Jan Hiemstra pakte ferline wike mei syn ‘Hiemteam’ noch de wykpriis en pakt no mar 20 punten en stiet no dield 60e yn de SDS-League. It liket ús dat it seizoen dan hielendal ferlern is…..
Hy sil der sels wol oars oer tinke as PSV dit wykein dochs noch de skaal pakt…….

Dooitze Nauta bliuwt mei ‘Skobberdebonk’ stiif ûnderoan stean. SDS 1 kin dan ek wol fêst in SDS-poedelparaplufoar foar him meinimme as sy nei DTD moatte kommende sneon.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 10