Weppers tiisdei 18-2-2025
18 februari 2025Ynhelsneon 22-2-2025
21 februari 2025De earste wykpriis fan dizze edysje fan de SDS-League giet nei Bote Strikwerda mei ‘FC Munnaps’. Hy pakt 54 punten en dat is krekt 3 mear as ‘BarbEeltje’ Postma en Eriks ‘Jopie Kwast.
‘Meesterlijke Melle’ de Boer begjint knap mei in dield 4e plakje. Hy nimt no al flink ôfstân fan ‘Zwabberkoning’ omke Ate en syn heit ‘GefeliciTeade’ de Boer.
De winner fan de foarige edysje, Dirk Stegenga, begjint rêstich op it 16e plak mei 46 punten.
Kommend wykein is der mar in lyts programma en hawwe wy gjin SDS-League.
Dizze punten wurde opteld by it wykein der op.
De nijste stân sil dan 3 of 4 maart komme.
Dooitze Nauta begjint mei ‘Skobberdebonk’ wer op syn fertroude lêste plak. Hy hold fertrouen yn it team wat foar de winterstop as nûmer lêst eindige.
Wy binne benijd!
Mochten jim tinke dat der oan de puntentelling iets net kloppet dan meie jim altiten efkes maile of appe fansels.