Weppers moandei 1-12-2025
1 december 2025SDS/Nijland JO19-1 lit koprinner LSC ûntsnappe…….
4 december 2025It is Arjans ‘FC Hallema dy’t de wykpriis pakt. Mei 53 punten bliuwt hy Erik Haitsmas ‘Jopie Kwast’ krekt ien puntsje foar.
It sil Erik woarst wêze, want wichtiger is foar him dat hy fan it 9e nei in dield 2e plak giet; op nei de kopposysje!

De kopposysje wurdt dizze wike wer oernaam troch ‘FC Lollum’ fan Thys Bruinsma. Hy nimt it wer oer fan ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets.
It liket de kommende wiken sawisa spannend te wurden boppe-yn, want it ferskil tusken de nûmer 1 en de nûmer 8 is mar 11 punten.
Mei noch 3 wedstriidronden te gean.
De reade lantearn is noch foar ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra, mar sy komme wer 3 puntsjes tichterby ‘Krek net’ fan Durk Okkema. It ferskil is no noch 20 punten.


