SDS-League: ‘FC Dronryp’ pakt de wykpriis!

Theo Postma folgend seizoen lieder fan SDS 1.
26 april 2022
Weppers tongersdei 28-4-2022
28 april 2022

It is dizze wike ‘FC Dronryp’ fan Tsjalling Sikma dy ’t de wykpriis pakt. Mei 62 punten bliuwt hy de wykpriiswinner fan ferline wike ‘Roggeberg Boys’ fan Auke Eringa krekt 3 puntsjes foar. Beide dogge goeie saken en meitsje flinke sprongen yn de stân.

Tsjalling Sikma pakt de wykpriis, mar syn grutste doel is om boppe sweager Gert-Jan Hiemstra te eindigjen. Dat moat slagje,want mei mar 24 punten dizze wike sakket ‘Gert-Jan’ nei it 41e plak.

‘Op nei de Top’ fan Marten Faber pakte 35 punten en bliuwt dêrmei boppe-oan stean. Nûmer 2, Seriette Strikwerda mei ‘Tadic on Fire’, komt al 7 puntsjes tichterby, mar it gat is noch wol 16 punten. Durk Okkema hat mei ‘vv DWO’ de smaak aardich te pakken en stiet hjir mar 5 puntsjes ûnder.

Hendrik Eringa giet mei ‘Paranoid’ noch altiten fol foar de SDS-paraplu, al rint hy al 10 punten yn op ‘FC Bal op het dak’ fan Annejan Hallema. It gat bliuwt noch wol 28 punten.

 

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 10