SDS-League: Dirks ‘Twaalfde Man’ pakt de wykpriis!

SDS/Nijland JO19-1 op de foto
16 september 2024
Fuotbal op freed 20-9
19 september 2024

De earste stân is altiten in hiel o heden. As it goed is dan moat dit him wêze. Alle teams út de mail, whatsapp, fan losse bryfkes, mei de post, fan ynskriuwformulieren, fan foto’s fan losse bryfkes, fan foto’s fan ynskriuwformulieren, mei de post en betink it allegear mar binne binnen.
Wy hawwe 64 dielnimmers en dat is hielendal net sa gek.
Mocht der ien misse dan heare wy it graach.

Der wienen noch guon dy’t Namli fan PEC der graach yn hawwe woenen, mar dêr koenen wy net oan begjinne. Hy stie net op it ynskriuwformulier.
Dan hienen Haye en Klaassen bygelyks ek noch meidwaan kinnen, mar dan wienen degene dy’t harren team al noflik op tiid ynlevere hienen yn it neidiel west.

Dirk Stegenga docht mei 3 teams mei en dat docht lyk fertúten. Hy pakt de earste wykpriis mei ‘De Twaalfde Man’. Hy wie spekkeaper mei Parrot(AZ) yn de spits. Dy skoorde mar leafst 4 kear en dat levere Dirk al 17 punten op.
‘Wout’ fan Harm Dijkstra folget knap op 2 punten en de dark horses ‘De Red Horses’ fan Sietze en Robin en ‘FC Dronryp’ fan Tsjalling Sikma steane hjir lyk ûnder.


Moai om te sjen dat Dooitze Nauta ek wer meidocht mei ‘Skobberdebonk’. Hy begjint foar syn dwaan knap mei in 63e plak. Hy lit witte foaral mei te dwaan om SDS te stypjen en wol graach mei DTD fan SDS winne. dat sjogge wy dan wol wer.

Annejan Hallema moat syn poedel(paraplu)priis fan de foarige SDS-League noch krije of hy stiet al wer ûnderoan. No noch reinwetter.

De punten fan ynhelwedstriden wurde lykas oare jierren gewoan meiteld al komme se noch út spyldei 2 bygelyks. De punten fan juster en jûn wurde opteld by de punten fan kommend wykein. Dan kin it wolris hiel oars lykje.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
SDS League 2024-2025 earste helte wike 1