‘SDS 4’ 5e yn B-poule op krystsealtoernoai yn Frjentsjer.
21 december 2025Krystweppers
25 december 2025De earste helte fan de SDS-League sit der wer op. En dat hat in winner oplevere.
Dirk en Mika de Jong winne mei ‘De Jong Boys’. Sy winne de SDS-League sûnder ek mar ien wykpriis te winnen. ‘FC Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra is twadde wurden en ‘Barb’Eeltje Postma tredde. ‘FC Lollum’ fan Thys Bruinsma hat hast de hiele edysje boppe-oan stien, mar eindigt úteinlijk as fjirde.

‘De Jong Boys’ kampioen!
De wykpriis mei mar leafst troch 3 man dield wurde. It binne ‘Toro’s FC’ fan Tim Sweering, ‘WAP United’ fan Watze-Jacob Postma en (op ‘e nij) ‘Melle’s Subject’ fan Teade de Boer dy’t mei 42 punten de wykpriis diele.
‘Mighte Mike’ fan Gerwin Sijbesma en ‘Inne ist der net mei iens’ fan Wiebe Heeres en Inne Heerma komme krekt ien puntsje te koart foar de wykpriis. It levert harren beide wol in plakje yn de top 10 op.
Yn it Noard yn Wommels kin de flagge út. Yn de lêste wike giet Jaaps ‘Torpedo Toering***’ noch krekt efkes 2 punten oer Sjoerd van Beems ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ hinne. It kratsje Hertog Jan kin dus nei it Noard!
Jelmer ‘Postmeister’ en Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ falle yn de lêste wike krekt bûten de top 10. Ferline wike noch as nûmer 5 en 9 eindigje sy as 11 en 12.
Melle de Boer hat mei ‘Mooi mooi mooai omke Ate wint nooit’ gelyk krigen. Omke Ate Feike de Boer op in ‘Forum Sels’ noch knap 55e plak, mar wint dêrmei lang de SDS-League net.
It sil Melle al sear dwaan dat omke Ate noch wol 6 plakken heger as him eindigt, omke Jaap van Hellemond(FC Trije Bergen) 4 plakken en heit Teade (Melle syn subject) sels 45 plakken(!).

Sybrecht Overal en Willem Twijnstra winne mei ‘Overal United’ de poedelpriis. It siet harren net mei dizze edysje en waarden lêste. Durk Okkema waard ‘Krek net’ lêst. Hy hie twa puntsjes mear.
Yn de kryst-Treffer kinne jim mear oer de winst fan ‘De Jong Boys’ lêze.
Begjin febrewaris sille wy los mei de twadde helte fan de SDS-League.


