Weppers snein 27-12-2020
27 december 2020SDS winsket jim in sûn 2021 en in protte wille!
31 december 2020Net hiel ferrassend is it “De Regenjas” fan Kris Gaastra en Thor Ruiter dy ’t der mei de haadpriis fan troch giet. Sy stienen al fanôf wike 3 boppe-oan en hawwe dit net mear fuortjûn. “Algemeen Fons” fan Sjoerd Rispens kaam yn de lêste wike noch in bytsje tichterby, mar komt úteinlik 19 punten tekoart.
Lokwinske!
“Sergio Padt to Victory” fan Bauke Dijkstra, Dirk & Stefan Kuperus, snoept yn de lêste wike noch krekt efkes it 3e plak ôf fan ien fan de webmasters………
Seriette Strikwerda eindigt as heechste frou mei “Strikky’s United” kreas op it 5e plak mei mar leafst twa wykprizen yn de bûse.
Sawol “EB’s 11” fan Eeltsje Bootsma as “Marrit’s 11” fan Bas van der Weij binne beide krekt net 11e wurden. Eeltsje is 10e wurden en Bas 12e.
Ferline wike greep Pieter Kamstra mei “CD Quadalajara” krekt njonken de wykpriis. Hy kaam doe krekt ien tekoart. No pakt hy de wykpriis al, mar mei hy him diele mei “Overal United” fan Sybrecht Overal en Willem Twijnstra.
Foar de twadde kear de wykpriis!
Okke van der Kamp gie mei syn team “FC Okke” fol foar de poedelpriis en it is him slagge. Fan herte lokwinske!
Wannear de Koronarigels wer wat fersoepele binne sille wy de SDS-paraplu yn Aldgea bringe.
Wy sille efkes sjen wannear ’t de transferperioade der op sit yn jannewaris en dan hoopje wy wer gau los te kinnen mei de twadde helte fan de SDS-League!