SDS-League: ‘Buurman & Buurman’ pakke de titel!

Sneon 18-5-2024
17 mei 2024
7 tsjin 7 kompetysje op freed
22 mei 2024

Gratisvoetbalmanager.nl makke it ús de lêste wike noch efkes dreech troch alle fuotbalers twa kear safolle punten te jaan. Dêrtroch wie it puntensysteem efkes yn de hobbel, mar wy hawwe it ,ei help fan jim wer oplosse kinnen.

‘Buurman & Buurman’ is de winner wurden fan de 66e edysje fan de SDS-League. De koaches Kevin den Haan en Anco Bervoets eindigje krekt mei 3 puntsjes mear as ‘Hampus FC’ fan Jan-Harmen Folkerts  en mei 5 mear as ‘Hangover ’96’ fan Jelte Pieter Dijkstra.


Hajeto!

De wykpriis wurdt dield troch ‘Roke jo geiten’ fan Gerwin Sijbesma en ‘The Gunners’ fan Seriette Strikwerda. Beide pakten sy 66 punten. Gerlof-Jan Hofstra kaam mei ‘Op nei de Top’ krekt 1 puntsje te koart.

Marc Hoekstra is der mei ‘Hoekie Boys 12’ yn slagge om net as lêste te eindigjen. Syn einspurt eindigt op it ien nei lêste plak. Annejan Halleme pakt mei ‘De trots van Friesland’ de poedelpriis.

Allegear fan herte lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhhuhhh!!

 

SDS League 2023-2024 twadde helte wike 13 eindstand

 

Op nei de SDS-EK-League!
Ynkoarten alle ynformaasje dêr oer hjir op de webside.