Weppers tiisdei 24-9-2024
24 september 2024SDS sneins?
26 september 2024Mei in lyts trochdewyks programma der by wienen der aardich wat punten te fertsjinjen ôfrûne wike.
It is Stefan van der Velde dy’t mei ‘Frarjancesco Farjanioli’ de wykpriis pakt. Hy hie mar leafst 89 punten.
Dat binne 5 punten mear as Bote Strikwerda mei ‘FC Munnaps’.
Bote hie dan wol gjin wykpriis, hy pakt al de kopposysje.
Marc Hoekstra stiet knap op it twadde plak mei ‘Hoekie Boys 13’ en Jan-Friso Bruinsma meld him nei in wykein seefiskjen lyk boppe-yn op it tredde plak mei ‘Bergosso’. Al hie syn team no miskien better ‘Bergvisso’ hjitte kinnen.
Dirk Stegenga is mei ‘De Twaalfde Man’ nei ien wike it paad al bjuster. Ferline wike stie hy noch boppeoan en no wurdt hy op it 8e plak al hast ynhelle troch syn twadde troef; ‘Zaterdag is de mooiste dag van de week’.
De priis fan ‘alderearlijkste SDS-League-dielnimmer’ giet no al nei Melle de Boer.
Melle hie syn team al ynlevere, mar kaam der sneins efter dat syn heit mar 10 spilers op Melles ynfulformulier setten hie.
Hy frege syn heit dan ek om noch efkes troch te jaan dat ferdediger Bochniewich fan sc Heerenveen der noch by moast en dat hy dat efkes trochjaan moast.
En dat neidat sneontejûns sc Heerenveen mei 9-1 ferlern hie fan AZ en dit Bochniewiz lyk 7 minpunten oplevere.
Sjapoo!
Annejan Hallema begie stiif ûnderoan mei ‘Ouwe Syl United’. Mar nei’t hy fan syn heit wûn hat mei it tippen yn Jorwert giet it lyk stikken better. Hy giet fan it 64e nei it 50e plak.
(Tip: sjoch Annejan hjir tippen op Omrop MAX).
Dooitze Nauta sjocht mei ‘Skobberdebonk’ it hjerstwaar al oankommen en set syn sinnen op de SDS-poedelparaplu mei it lêste plak. Hy is al 21 punten los fan Tim Sweering mei ‘Toros FC’. Tim stiet dus ek net sa heech, mar hy is krekt siik west fansels.