It is dizze wike ‘BarbEeltje’ Postma dy’t de wykpriis pakt. Mei 54 punten bliuwt hy ‘FC Dronryp’ fan Tsjalling Sikma krekt 1 puntsje foar.
Wout Dijkstra die knappe saken mei de Kidsrun en heit Harm-Auke Dijkstra mei de SDS-League. Hy stiet wer yn de top 10.
Stefan van der Velde stiet mei ‘Frarjansesco Frajanioli’ noch boppe-oan yn de SDS-League. Hy stiet no 33 punten foar op nûmer 2, Eeltje Postma.
Erik Haitsma wie in wykeintsje der op út en hat dêr wat punten lizze litten. Hy stiet no 3e op 35 punten ôfstân fan de nûmer 1.
By Dooitze Nauta giet de flagge út! Mei ‘Skobberdebonk’ stiet hy noch altiten op syn fertroude lêste plak, mar hy hat no al wol 100 punten.