Irnsum 1 – SDS 1 yn byld
17 maart 2025Weppers tiisdei 18-3-2025
18 maart 2025It is dizze wike Arjans ‘FC Hallema’ dy’t der fan troch giet mei de wykpriis yn de SDS-League. Mei toppers as Steijn(TWE) en Paixao(FEY), mar sûnder keeper(Pasveer) pakte hy mar leafst 68 punten. Dat wienen der krekt 3 mear as ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal & Willem Twijnstra en ‘Better wurdt it net’ fan Aant Hofstra.
Arjan giet hjirmei fan it 55e nei it 23e plak.
By de teams mei mear as 60 punten dizze wike meie je der wol fanút gean dat sy Paixao fan Feyenoord yn harren team hawwe. Hy pakte mar leafst 20 punten.
Arjan en Stefan hawwe der ferline wike mei harren maten Bauke en Sytze alfêst ien op kocht yn it Stadium of Light.
Stefan van der Velde nimt mei ‘Frarjancesco Farjanioli’ de kopposysje oer fan Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’. Erik folget op 5 punten. ‘BarbEeltje’ Postma folget op 3 punten fan Erik.
Yn de nije Treffer sil Stefan alles út de doeken dwaan oer syn team yn de SDS-League.
Gert-Jan Hiemstra is blykber ta oan fakansje. Mei syn ‘Hiemteam’ pakt hy mar 13 punten en sakket hy fan it 30e nei it 58e plak.
Op de Terp kin hjoed de flagge út. ‘Zwabberkoning’ Ate-Feike de Boer giet eindelijk syn omkesizzer ‘Meesterlijke Melle’ de Boer foarby yn de stân.
Melle yn bettere tiden…….
Dooitze Nauta stiet mei ‘Skobberdebonk’ noch altiten op syn fertroude lêste plak. Hy hat no 80 punten minder as ien nei lêste Annejan Hallema mei ‘Ouwe Syl United’.