SDS-League: Anouk Delfsma pakt de wykpriis! (de nijste stân)

De Grutte Klupaksje
14 september 2021
Weppers freed 17-9-2021
17 september 2021

Wy tochten dat der mar leafst 58 lju dogge dit kear mei oan de SDS-League. Hjir wienen wy al tige wiis mei.
No docht bliken dat yn de wirwar fan ynskriuwformulieren fia Whatsapp, SMS, post, mail en nim it fierder mar op noch twa teams op de planke leinen. Dizze binne wer boppe wetter kommen en dat betsjut dat wy no 60 dielnimmers hawwe.
Gert-Jan Hessels en Anco Bervoets mei Niels Hazewindus dogge no ek mei.
Dat betsjut dat wy mar leafst 60 dielnimmers hawwe. De lêste kear dienen der 57 mei.
Soenen wy yn it jubileumjier nochris de 100 dielnimmers helje?

Fan de 60 dielnimmers hawwe 59 sitte te stinnen op de opstelling. Utsein 1 dus…..
Anouk Delfsma wie yn ‘2 minuten klaar’ en pakt dêrmei ek noch de wykpriis!
Mei mar leafst 56 punten bliuwt sy nûmer 2, ‘Happy Feet’ fan Emke & Habtamu de Hoop 9 punten foar, Jaap ‘Torpedo Toering’ 10 punten en noch folle wichtiger……
heit Johan ‘Easy Money’ mei 13 punten.

De winner fan de lêste edysje, ‘BarbEeltje’ Postma begjint net gek oan dizze edysje mei in 4e plak.

Mochten der prizen wêze foar alderaardichste nammen dan soenen dizze edysje sawisa ‘Broodje Gakpo’ fan Bauke Dijkstra, Stefan en Dirk Kuperus en ‘Baco Juniors’ fan Wiebe Heeres &Inne Heerma hege eagen smite.

Wy ferwachtsje dat Sjoerd Rispens al gau syn ‘kânskaart’ ynsette sil. Mei ‘Algemeen Fons’ begjint hy no as nûmer stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân: SDS League 2021-2022 stand earste helte wike 1

P.s. Mochten je it idee hawwe dat der iets net kloppet lit it ús dan efkes witte. Wy wurkje mei de punten fan Gratisvoetbalmanager.nl