SDS-League: 2 wykpriiswinners!

Al foar 10 euries nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles
28 oktober 2024

Sawol Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ as Gert-Jan Hiemstra’s ‘Hiemteam’ helje dizze wike 46 punten en dat betsjut dat sy de wykpriis diele meie.
Foar Gert-Jan in alderaardichst kadootsje foar syn 50e jierdei.

Dirk Stegenga bliuwt mei ‘De Twaalfde man’ gewoan boppe-oan stean en rint ek nochris 9 punten út op nûmer 2, ‘FC Munnaps’ fan Bote Strikwerda.

Johan Delfsma hie ferline wike in knappe wike mei ‘Van ruilen komt huilen’ en stie kreas yn de top 10. Dizze wike is it allegear wat minder al sil hy al bliid wêze dat hy noch punten hat. mei 15 punten sakket der al flink fan it 6e nei it 20e plak.

Lokkich genôch is Rick Hendriks lokkiger yn de leafde as dizze wike yn it spul…… Mei ‘RomantiRickie’ pakt hy mar 3 punten en mei ‘RomantiRickie + vrouw’ mar 8……..

Melle de Boer docht it mar knap mei ‘VV IGV'(VrouwenVoetbal Is Geen Voetbal………..). Mei 45 punten komt hy krekt in puntsje tekoart foar de wykpriis, mar hy stiet no al knap dield 11e en stiet fier boppe heit Teade mei ‘Topteam De Boer'(26e) en omke Ate-Feike de Boer mei ‘Ivanna Humpalot'(61e).

‘Skobberdebonk’ fan Dooitze Nauta stiet noflik op it ûnderste plak en stiet ynmiddels 62 punten los fan ‘Toro’s FC’ fan Tim Sweering.

 

SDS League 2024-2025 earste helte stand wike 6