SDS-League: 2 wykpriiswinners!

Lourens van der Pol op wei nei syn earste stjêr!
5 november 2019
Weppers woansdei 6-11-2019
6 november 2019

De wykpriis kin dizze wike wer ris dield wurde. Sawol ‘MarkrEeltje’ fan Marije de Vries en Eeltje Postma en ‘Adem in Adem Zuid’ fan Rémon Rameau pakke 59 punten en winne dêrmei de wykpriis. Sy bliuwe dêrmei ‘Thomas President LWD’ fan Gert-Jan Hessels krekt ien puntsje foar.

‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem liket no wol hiel hastich. Sy steane no al 32 punten foar op ‘FC Hallema’ fan Arjan Hallema. ‘De Jonkoboys’ fan Lourens van der Pol stiet hjir krekt 4 puntsjes ûnder lykas ‘Koekoek Johan Delfsma’ fan Eeltje Postma.

‘FC Op ‘e Gok’ fan Haye Jan de Boer & Piter van der Pol hat in minne wike efter de rêch. Sy pakten mar 23 puntsjes en binne hurd op wei nei de ûnderste plakken.

Underyn docht ‘Hakim Sijtsma’ fan Pieter Sijtsma fansels stjonkende syn best, mar hy stiet noch altiten stiif lêst mei 23 punten efterstân op ‘XXXDappere strijdersXXX’ fan Jelmer Posthumus.

SDS League 2019-2020 earste helte wike 7