SDS "sealsoap" diel 2.
29 mei 2003Foto’s SDS-Trynwâldster Boys
1 juni 2003SDS komt te koart tsjin Trynwâldster Boys
Foar de wedstriid lieten de fans fan SDS in goed stik fjoerwurk sjen. Spitich dat SDS dat yn de wedstriid tsjin Trynwâldster Boys sels net sjen litte koe. De Eastereinders kamen net fierder as in suterich rotsje.
Trynwâldster Boys hie oer it ginneraal it bettere fan it spul. Sy krigen yn de earste helte seker twa opleine kansen, mar misten.
Nei de thee koe SDS der ampoer mear útkomme en it doelpunt fan Trynwâldster Boys wie dan ek in logysk gefolch.
Mei noch sa’n 25 minuten op de klok waard in offensyf fan SDS ferwachte. Mar it bleau út. Machteleas wie it spul. In inkele goeie kombinaasje oer rjochts, fierders wie der neat te beleven. Der wurdt de lêste tiid te folle gokt op de snelheid fan Hendrik de Jong en moast wol in kear misgean. Want mei in geroutineerde ferdigener Tjeerd Rijpma (eks Cambuur) lieten de Oentsjerksters harren net yn de lueren lizzen.
Krekt foar tiid makke Trynwâldster Boys foargoed in ein oan de yllusje.
0-2 wie de einstân en nimmen út Easterein hie frede mei it feit dat er no gjin feest wie, mar elkenien wie it der wol oer iens dat Trynwâldster Boys fertsjinne wûn en it taktysk en technysk better foarelkoar hiene.
SDS kin kommend jier yn de tredde klasse wol wer goed meidwaan, mar sil dan mear fan oanfallend spylje moatte, want fan it spul fan de lêste wiken is net folle goeds te fertellen.