SDS-klupliet

SDS 65 jier foto’s en sa!
13 augustus 2012
Weppers woansdei 15-8
14 augustus 2012

Yn 2012 op it 65 jierrich-jubileum waard foar it earst it SDS-klupliet songen. Yn maaie 2016 waard it mei help fan Jan Nota yn de SDS-kantine opnommen:



“Sljocht op SDS”


Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!

“Sterk Door Samenspel”
Dat is eins ús yell.
Doe stie der noch in âlde keet.
No in MFC mei brûkers by de fleet!

Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!

“Steun De Stakkers“
wurdt der wolris sein.
Mar fuotballers omkriten Easterein makket it allegear neat.
Net ien dy ‘t “Swart-Wyt” ferrinneweard!

Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!

“Spylje, Dûse, Sûpe”
Hurd wurkje, troch de modder krûpe.
It leafst spylje nei de toer.
Wier dan rint net ien ús oer!

Wy binne sljocht op SDS!
Sa no en dan skerp as in mes.
Wy binne sljocht op SDS!
Wy sjitte fuort net yn ‘e stress!!!

(Muzyk: Jan Nota. Tekst: Jan Nota, Sjoerd van Beem, Willem Wijnia)