SDS JO10-2 hat wille op Skylge

Sneon 24-5-2025
24 mei 2025
Weppers tiisdei 27-5-2025
27 mei 2025
Sneon 24-5-2025
24 mei 2025
Weppers tiisdei 27-5-2025
27 mei 2025

In hiel aventoer foar de jonges fan JO10-2 op Skylge!

Moarns om 7.15 oere, stie it team klear om ôf te setten nei it moaie eilân Skylge. In hiele ekspedysje, mar de sfear siet der fuort goed yn! De groepsapp wie in parade fan foto’s, updates en entûsjaste berjochten fan trainer en âlders. De spanning en wille wiene fan de gesichten ôf te lêzen.

Op it eilân stiene de taksy al ree om ús talinten nei Midslân te bringen. Mar ear’t de wedstriid begûn, moast earst noch efkes de skatebaan ynspektearre wurde – fansels mei in pear stoere moves fan de mannen.

Nei in koarte warming-up koe it fuotbalspektakel einlik losbarste. Mar it wie fuort de ploech fan it eilân dy’t de toan sette. Yn in fûle earste helte rûnen se rap út nei in 5-1 foarsprong. Gelokkich kaam der út SDS-kant ek noch in skitterjende goal, dy’t neffens ús razende reporter wol yn de boeken kin as ien fan de moaiste fan it seizoen!

De twadde helte wie wat rêstiger, mei mar ien goal foar de tsjinstanner, wat de einstân op 6-1 brocht.

De konklúzje wie dan ek dúdlik: “Terschelling út, altyd lestich…”

Mar wat in prachtige dei wie it! In geweldige ûnderfining foar de jonges, mei in soad wille en moaie mominten. No wer op nei kommende wike foar de lêste thúswedstriid op it lyts fjild.