SDS D1 slút it seizoen yn styl ôf

De SDS EK-League (3)
7 juni 2004
Oprop!
8 juni 2004

Freed 28 maaie hie SDS D1 de echte ôfslúting fan it seizoen 2003-2004. Dit kear net nei it Eurofuotbal-toernooi, mar lekker oan de barbecue. Dochs waard der fuotballe op it hiem fan de famylje Brinksma. Hja wienen gasthear en gastfrou foar SDS D1 en lieders en trainers. Tegearre mei Jeltje, Durk en Klaas wienen de tariedingen dien foar dizze barbecue. De jonges, en fansels de lieders/trainers ek, hienen dit wol fertsjinne. Want twa kear kampioen yn ien seizoen is net neat.

As jimme tochten dat wy mei syn allen moai om de barbecue hinne sieten dan ha jimme it mis. De ‘mannen’ hienen gjin sit yn it gat. De pakketsjes fleis waarden der yn ien kear op goait en ek yn ien kear opiten. Dernei wer fuotbalje en doe de fjoerkuorren oan gienen koenen we ek sjen wa bykroantsjes yn ‘e dop wienen.
 
Al mei al in hiel gesellich feestje. Nochris tank oan de famylje Brinksma foar de gastfrijheid en tarieding en Jeltje foar it tarieden fan it fleis en slaatsje ensfh. In moai beslút. Takommend jier allegear, Kristiaan nei, nei de C-junioaren. We komme elkoar fest wol wer tsjin.
 
groetnis,
KP

Je moatte efkes wachtsje foar it fleis gear is.

It wie moai waar.

Fikkie stoke bliuwt leuk.

Noch ien kear mei syn allen op ‘e foto.