SDS D1 kampioen

Alle D-teams kampioen
15 november 2003
SDS D2 kampioen
15 november 2003

15-11-2003 SDS – Mulier 7-2.

KAMPIOEN!

SDS D1 is hjoed kampioen wurden troch te winnen fan Mulier. Mei 27 punten út 9 wedstriden binne wy net mear te achterheljen. Geweldich jonges!

Fansels siet der spanning yn de holtsjes. Ek by de lieding. Foar guon jonges wie it de earste kear dat se kampioen by SDS koenen wurde. Miskien derom dat de wedstriid wat foarsichtich en rommelich begûn. Ek in komplimint oan Mulier, want dy spilen folle better as yn Wytmarsum. Meinammen Anne Wind die wy ek kinnen fan it keatsen kaam no mear fan it middenfjild en dat joech wolris problemen. Doede iepent de skoare mei in prachtich stiftke oer de keeper. Dan binne it Jakob en Wytse die 2-0 en 3-0 meitsje. Foar rêst docht Mulier wat werom en de rêststân is 3-1. Yn de twadde helte stean hast alle âlders lâns it fjild en dat jout seker moed. It spul is folle better en we rinne út nei 6-1 troch goals fan Andries en Jakob 2 kear. Andries wie yn de earste helte net gelokkich mei it ôfronden, mar de twadde helte, ek mei stipe fan Christiaan en Wytse, gie it tige bêst. Fan de rjochterkant wienen it Jarco en Jacob en letter Doede die foar gefaar soargen. De ferdigening stie ek folle better Rutmer, Anton en Elger krigen romte en fuotballen goed mei nei foarren. Jort joech goed lieding efteryn en ús slútpost Thor is noch mar 11 kear passeert werfan 6 tsjin Workum. Mulier makke noch 6-2 troch in solo fan Anne Wind. De lêste goa waard skoart troch ús jongste spiler. As ferdigener kommen en as spits spilet hy no. Eddy hat hjoed hurd wurke lykas de oaren en syn beleaning wie de goal wêrmei de einstân 7-2 waard.

Medaljes, blommen, foto’s, felisitaasje en de bûkslidingen nei de wedstriid wienen de tsjûgen fan it kampioenskip fan D1. Mar ek D2 EN D3 kampioen! Fan herte lokwinske. D1 is fertsjinne kampioen. Werom? Se binne as fuotballers, team en yndividuen der allegear in soad op foarútgien. Tank oan de trainer Durk de Jong en fansels ús skiedsrjochter Jan Strikwerda. Ek tank oan de âlders dy efter ús stean. Wy, Johan en Klaas, binne tige wiis mei it kampioenskip mar meinammen mei de jonges en alles der omhinne. De kampioenen binne: Thor Ejnar Ruiter, Jort Strikwerda, Kristian Gaastra, Anton Rispens, Elger Turksma, Ludze Holtrop, Rutmer Braaksma, Wytse Lanting, Jacob van Wieren, Jarco Klaas Pompstra, Doede Kooistra, Andries Brinksma, Chrisitaan Plantinga en Eddy Visser.

 

22 novimber spylje wy foar de beker tsjin Broekster Boys. Dit is in thûswedstriid die begjint om 11.00 oere. In wike letter moatte wy foar de lêste kompetysjewedstriid spylje yn en tsjin Easterlittens om 9.30.