Programma SDS 1 seal op OFK
11 januari 2013SDS-sealtoernoai
14 januari 2013De sealfuotballers fan SDS binne hjoed utskeakele yn de 16e finales fan it OFK. Sy ferlearen nei strafskoppen fan Sint-Anna.
Robert yn aksje tsjin Littens.
SDS begie de dei mei in 1-1 lykspul tsjin VV Oosterlittens. SDS kaam mei 1-0 foar troch Robert, mar nei in “ûnnoazele”(ûnterjochte) giele kaart fan dy spits mei it lange hier koe Littens mei in man mear krekt foar it ein noch lyk komme.
De twadde wedstryd moast SDS winne om noch in goeie kans te meitsjen op de folgende ronde. Dit soe dan barre moatte tsjin Waterpoort Boys. SDS kaam 1-0 efter en nei de 1-1 fan Peter like dit ek de terjochte einstân te wurden. In knap sneinskot mei links fan Anne levere 20 sekonden foar tiid SDS dochs noch 3 wichtige punten op.
De lêste wedstryd tsjin Avanti moast de trochslach jaan foar SDS om wol of net troch te gean nei de finales. As Littens winne soe fan WPB dan soe SDS minimaal in puntsje pakke moatte. Nei 2 minuten stie SDS al mei 2-0 efter en Littens mei 2-0 foar en like alles dien………..Like…….
Littens wûn wol maklik mei 5-0, mar SDS koe him lokkich genôch werom knokke nei in knappe 2-2 nei in goal fan Tsjipke en in terjochte 2-2 krekt foar tiid út in frije traap fan Peter.
As 2e yn de poule(nei Avanti) mocht SDS harren klearmeistje foar de lêste 16 foar de wedstryd tsjin Sint-Anna.
SDS hie muoite om tsjin Sint-Anna it spul te meitsjen en kaam troch 2 útfallen op ‘e nij mei 2-0 efter. SDS moast alles op alles sette en makke lyk de 2-1(Willem) en krekt foar tiid makke Tsjipke ek noch 2-2. Penaltys moasten útmeitsje wa ’t nei de kwartfinale gie. Sint-Anna miste net ien en SDS spitich genôch ien……
Wykels/Hallum wist it toernoai úteinlik ferrassend mar terjochte te winnen. Sy skeakelen û.o. favoriten as ONB en Avanti út. Drs. Vijfje gie der mei penaltys út tsjin VV Leeuwarden. Wykels/Hallum wûn yn de finale mei 3-0 fan FVC.
By de froulju wûn Drachtster Boys it op ‘e nij. Sy wûnen yn de finale mei 2-1 fan VIOD. Akke-Rixt Zysling helle mei ONS de lêste 8 krekt net.