SDS 5 op Skylge

Weppers snein 29-8
29 augustus 2010
Weppers moandei 30-8
30 augustus 2010

Skylge

Op de foto ûntbrekke Anco en Robert. Sij leinen wierskynlik bij de masseuse.

Byldfoarming
Der binne wolris wat misferstannen oer it tripke fan SDS 5 nei Skylge. Der wurdt troch bûtensteanders oer praten of soe it mear in útsje wêze as in serieus fuotbaltoernooi. Wij moatte lykwols fêststelle oan de hân fan eigen erfarings dat it sa’n wykein  hast allinne mar om it fuotbal giet.

Tarieding
Sa’t wij al fernommen hiene, wie de helte fan it team in dei earder fuortgien. Sij woene al fêst nei de omstannichheden sjen op it eilân. Wannear gean de taksis, hoe ride dy, hoe is de kofje, wêr binne aspiryntsjes te keap, hoe lizze de fjilden der bij, hoe binne de bêden en binne der ek geskikte útgongsgelegnheden.
De berjochten oer boppesteande saken berikten de rest fan it team doe’t sij sneontemoarn oankamen op it eilân. Fol entoesjame fertelden se oer it museumbesite, it kranberrypriuwen en it feit dat de fjilden der goed bijleine. Fierders hiene se wat kontakten lein yn in oantal útgongsgelegenheden, sadat se de rest fan it team de gouden tip jaan koene foar de sneontejûn, at dy eventueel nocht hiene om efkes yn it waar te sjen.

De wedstriden
Yn de poule mei Baflo, it Fean en Hearrenfean hie SDS it dreech. Kaam ek dat de blessueres wat te gau kamen. Eddy (oeral lêst fan), Anco (bil) en Robert (kût) hawwe amper meidien. 0-1, 0-1 en 0-3 wiene de útslaggen. Dizze útslaggen soargen der foar dat SDS 5 yn de poule lêste waard.
Dat wie in frjemd plak want yn de oare poule hie Mulier it ôfwitte litten en wiene der dus mar trije ploegen.
It hiel logysk west dat nû 4 dêrmei útfuotballe wie en dat de oaren om plak 1 oant en mei 6 fuotbalje soene.
Felle protesten fan û.o. Jacob Plantinga soargen der foar dat sij dochs noch in wedstriid spylje mochten. It wie sels sa at se dy wûnen mochten se ek noch meidwaan om plak 5 of 6.
Dat wie wat te folle fan it goeie en de ôfspraak wie dan ek 10 minuten tsjin Eefde balje, sjen at wij op in gelykspul komme kinne en dan mei strafskoppen derút. It waard 1-1 troch doelpunt fan Jan Simon yn de alderlêste minút mei in sterke bûtenspulstank.

It ferfolch
Mei de strafskoppen gie it hielendal mis. Ek Eefde gie leaver ûnder de brûs en it probleem wie dat Sjoerd van Beem, de doelman him krekt no ûnderskiede woe en sa kearde hij in oantal strafskoppen. Bij SDS wie it hielendal in rommeltsje. Ofspraak wie, om strafskoppen te missen mar het koarte termyn geheugen wie hiel min op dat momint. Allinne superfeteraan Aant hie de kop der goed bij en hij miste neffens ôfspraak.
Troch de ferjitten ôfspraak moast SDS 5 noch in kear. Boudewijn wie ûnderwilens ek blesseard en it wie in merakel dat der wer in 1-1 stân op it boerd kaam. Wer in doelpunt yn de alderlêste minút. Pieter Kamstra skoarde. Wer strafskoppen en no mocht der wol skoard wurde want bij winst hoechden se net wer. Sa waard SDS 5 fiifde. Minnertsgea wûn it toernooi.

Noch in helt
Goed gebrûk op Skylge is om nei de wedstriid noch efkes nei te sitten yn de kantine. De tredde helt. Net ien hie der sin oan, want der wie fansels noch safolle moais te sjen op it eilân.
Hiel ferfelend wie ek dat de tredde helte dêr wol in begjin hat, mar gjin ein. Wij hawwe begrepen dat sij  it einsinjaal net heard hawwe. Se hawwe noch wol sjoen dat it ljocht útgie, want yn hast elke útgongsgelegenheden op Midslân siet wol in SDS-er.
En sa kaam elk op syn eigen tiid en op eigen wize werom yn de 4 stjerre akkomodaasje fan boer Piet.
En fierders is der hielendal neat te melden. Gjin foarfallen, gjin útspattingen en nimmen beroerd. Miskien dat lieder Harm Auke wol in grut kompliment fertsjinnet. Hij hie dat diel fan de seleksje meinommen dy’t foar it fuotbal geane en dy’t it útgean as in ferfelende bijkomstichheid sjogge.

Foto’s
It soe samar kinnen dat der hjoed of moarn noch wat foto’s te sjen binne. Anco hie der mei syn blessuere wol tiid foar.

Anco Elgersma hie yndie wat foto’s makke op Skylge. Jim kinne  hjir sjen wa’t fan gehak hâldt, in super strafskop, in superstrafskopkearder en utputte spilers.