Programma SDS-nijjierssit op sneon 3 jannewaris
19 december 2025In ploegje SDS’ers is juster 5e wurden op it krystsealtoernoai fan Frjentsjer. Der dienen 22 teams mei ferdielt oer in A-kategory(prestaasje) en in B-kategory(rekreatyf). De SDS’ers dienen mei yn de B-kategory.
Foar SDS fuotbalden Bote Strikwerda, Feite de Haan, Frank de Vries (Feite syn sweager), Tsjipke Okkema, Jelmer Hofstee (Tsjipke syn buorman), Jelte-Pieter en Bauke Dijkstra en Willem Wijnia.
De earste wedstriid mocht SDS balje tsjin in ploegje mei âld-SDS’er Kristiaan Gaastra. SDS kaam mei 1-0 foar troch in ‘snelle’ kounter. Nei in knappe fangbal en útgoai fan keeper Bote koe Willem nei ferdigjend fersaakjen moai rêstich op de oare goal ôf en in hoeke útsykje. Doe’t Feite de 2-0 makke like de wedstriid spile, mar it waard dochs noch efkes spannend(2-1).
De twadde wedstriid gie jammerlijk ferlern tsjin ‘vv Oosterlittens 1’. Sy liken aardich bekommen fan it ferlies ferline wike yn de kompetysje tsjin Foarút, want SDS kaam yn it begjin net yn it spul foar. SDS krige wol kanskes, mar de 1-0 foar Littens wie terjochte.
Yn de tredde wedstriid wûn SDS knap mei 1-0. In hakbal fan Willem waard knap binnensketten troch Jelte-Pieter.
Yn de fjirde wedstriid soe SDS genôch hawwe oan in lykspul om fierder te kommen. Dochs kaam SDS mei 1-0 efter, mar nei in foarset fan Jelte-Pieter makke Willem de 1-1. Sa bleaun it al hie SDS noch wol wat kânsen.
De lêste wedstriid stie der foar SDS net folle mear op it spul al koe ‘âld-sc Franeker’ de punten wol brûke om fierder te kommen. Beide krigen allinnich net folle kânsen en it skaakspul eindige yn 0-0.
Yn de krúsfinales mocht SDS lyk flink oan de bak. Eindige as 3e yn de poule mochten sy tsjin de nûmer 2 fan de oare poule.
Dat waard in ploegje mei spilers fan û.o. Minnertsga 1 en Foarút 1.
SDS hie net folle te fertellen tsjin dizze superfitte jongemannen en gie mei 2-0 ûnderút.
Yn de A-kategory wûn Van Der Ploeg Schilderwerken lykas ferline jier mei spilers fan meast Zeerobben 1.
Yn de B-kategory wûn ‘vv Ooosterlittens 1’ de finale fan ‘Minnersgea/Foarút’ mei 4-3.
Mei oare wurden. SDS hat allinnich ferlern fan de nûmers 1 en 2. Dan soenen je sizze dat sy 3e wienen, mar wy meitsje der mar 5e fan 😉

De krystsealbeker fan ferline jier


