SDS 3e op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer

Sealkompetysje jeugd SDS
20 december 2024

SDS waard juster knap 3e op it krysttoernoai fan Frjentsjer.
Foar SDS spilen Bote Strikwerda, Jelte-Pieter Dijkstra, Tsjipke Okkema, Freek Tichelman, Feite de Haan, Frank de Vries (Feite syn sweager), Mark Postma en Willem Wijnia.
Der dienen 24 teams mei.

Om 16. 00e oere mocht SDS lyk los tsjin Beumako. Beide ploegen seagen de kat út de beam en woenen beide de earste wedstriid net ferlieze. Mei 0-0 slaggen se dêr beide yn.
Tsjin De Balliemannekes wûn SDS ferrassend mei 3-1 en doe’t dêrnei ek noch mei 1-0 wûn waard fan Schatzenburg Horeca stie SDS samar boppe-oan yn de poule en koenen sy in plak yn de 8e finales al hast net mear mis rinne. De earste 4 yn de poule gienen namelijk nei de folgende ronde.
Tsjin Project Eindbaas spile SDS noch 1-1 en yn de lêste poulewedstriid waard mei 5-1 úthelle tsjin Giant Store Van der Woude mei de âld-SDS’ers Kristiaan Gaastra, Remco Piek en Jelle de Jong.

Mei in gemiddelde leeftiid fan 40,3 jier wie SDS ien fan de âldste teams dy’t meidie al die Veltman Vloeren net folle foar harren ûnder. Dizze âld-fuotballers fan sc Franeker en ZVF wienen de tsjinstanner yn de 8e finales en dienen fuotbaljend ek net folle foar SDS ûnder. Veltman kaam mei 1-0 foar, mar SDS bleaun geduldich en sa makke Freek 2 minuten foar tiid de 1-1.
Dit betsjutte penalty’s en neidat Bote 3 penaltys keard hie mocht SDS harren klear meitsje foar de kwartfinale.

Yn de kwartfinale kamen sy op ‘e nij Beumako tsjin en it waard lyk as yn de earste wedstriid 0-0. Bote kearde op ‘e nij in penalty en net in SDS’er dy’t miste.

Yn de heale finale wie FC Apenmeeuw in maatsje te grut. SDS probeare it wol, mar wie op. De jongens fan Apenmeeuw (û.o. spilers fan sc Berlikum, ONS en Zeerobben) wûnen dan ek terjochte mei 4-0.

De finale gie tusken FC Apenmeeuw en Futsalclub Leeuwarden. De Ljouwerters wûnen dit mei 3-2.
En it waard noch in noflike jûn yn de Trije.
Sjoch hjir foar alle útslagen.