SDS 2 wint mei 2-0 fan SWZ 3

SDS 1 – DTD 1 yn byld
19 januari 2025

Tiisdeitejûn om 20.00 oere mocht SDS 2 al wer los foar de kompetysje. Sy spilen thús tsjin Sneek-Wit-Zwart 3. De seleksje seach der sa út:

1. Anne
2. ⁠Arjen
3. ⁠Bauke
4. ⁠Ewout
5. ⁠Jelmer
6. ⁠Jesse
7. ⁠Jurjen
8. ⁠Lieuwe
9. ⁠⁠⁠Mark
10. ⁠Niels
11. ⁠Sietze
12. ⁠Sjirk
13. ⁠Tsjipke
14. ⁠Wessel S
15. ⁠Wessel W
16. ⁠Wytze

Hjir it ferslach fan Allert Turksma:

Juster mochten wy yn de tichte dize in ynhelwedstriid spylje tsjin Sneek Wit Zwart 3.
Foar de rust wienen beide ploegen oan elkoar weage, mar hie SDS it bettere fan it spul.
Yn de 25 minút like Snits wol op in 0-1 foarsprong te kommen, mar de goal waard wegens bûtenspul ôfflagge. In 10-tal minúten letter wie it oan de oare kânt wol raak. Yn de 16 fan de Snitsers bedarret de bal foar de fuotten fan Jelmer Brouwer, dy’t de bal ûnder de keeper troch yn ‘e goal wit te krijen.
Dit wie ek de rêststân.
Yn de rêst noch wol wat panyk, want skiedsrjochter Jan Bouke joech oan dat hy troch in ankelblessure net fierder fluitsje koe. Gelokkich joech Tsjipke oan wol fluitsje te wollen en nei oerlis mei Snits koenen wy de twadde helte útfuotbalje.
De twadde helte gienen de Snitsers foar de lykmakker en fia in skot op de latte wienen sy tichtby, mar it slagge se net te skoaren. Oan de oare kânt wie it wol raak. Yn de 70e minút makke Jelmer syn twadde. Nei in prachtige aksje, wêrby hy in pear Snitsers it bosk yn kapte, skeat hy de bal hurd lâns de keeper. De ferloskjende 2-0!
Dêrnei noch in pear bêste kânsen op de 3-0, mar dat mocht net mear barre.
It fuotbal wie net gruts, mar de 3 punten bleaunen yn Easterein.
Smetsje op dizze oerwinning is wol de knibbelblessure dy’t Jesse oprûn yn it begjin fan de 1e helte. Betterskip!

Op nei sneon, de thúswedstriid tsjin Oudehaske 2!