Weppers freed 7-2-2025
7 februari 2025Sneon 8-2-2025
7 februari 2025Wy krigen inkele reaksjes op ús berjocht fan fannewike dat SDS 1 no 5 kear efterelkoar wûn hat en ús ôffregen as dat alris earder bard wie.
Yn it seizoen 2003-2004 wûn SDS 1 de lêste 5 kompetysjewedstriden en wûn it dêrnei de beslissingswedtriid tsjin Be Quick Dokkum 1.
Dat makket 6 op rige.
Hendrik de Jong wit te melden dat SDS 1 it seizoen der op de earste 3 kompetysjewedstriden ek wûn.
Dat soe it totaal op 9 bringe.
Lês hjir alles oer it seizoen 20023-2004.
Wichard Deinum wit te melden dat SDS 1 yn it seizoen 1991-1992 de earste 7 kompetysjewedstriden wûn yn de FVB klasse 1A en dêrnei lyk te spyljen .
Opfallend oan dizze rige is dat SDS 1 dat seizoen kampioen waard sûnder ek mar ien wedstriid te ferliezen.
Oer it seizoen 1991-1992 kinne jim hjir alles lêze.
Reinier Hitzert fan Voetbalstats.com wit te melden dat SDS 1 yn it seizoen 1983-1984 yn de 3e-Klasse A de lêste 8 kompetysjewedstriden wûn.
Anjum 0-2
Broekster Boys 5-1
IJVC 0-1
Heerenveense Boys 3-0
Friese Boys 2-1
QVC 5-0
Sneek 2-3
Joure 3-0
SDS 1 waard dat seizoen twadde efter kampioen Broekster Boys en makke it de Broeksters oant de lêste spyldei lestich.
It seizoen dêrnei wûn SDS 1 de earste wedstriid en ferlear de twadde.
Dat makket dan ek 9 oerwinningen op rige..
Jim kin hjir alles lêze oer it seizoen 1983-1984.