SDS 1 – Scharnegoutum 1 yn byld
3 februari 2025SDS 1 hat de ôfrûne 5 kompetysjewedstriden wûn.
Dit hat trainer Douwe Posthuma by SDS noch net earder meimakke.
It makket dat SDS 1 der knap foar stiet yn de 2e-Perioade.
Wannear hat SDS 1 eins foar it lêst mear as 5 wedstriden efter elkoar wûn?
Yn it seizoen 20023-2004 wûn SDS 1 de lêste 5 kompetysjewedtriden en wûn it dêrnei de beslissingswedtriid tsjin Be Quick Dokkum 1.
Dat binne der dan 6 op rige.
Mocht ien in langere rige witte dan 6 kompetysje-oerwinningen foar SDS 1, mail dan efkes nei willem@vv-sds.nl.
It is no yn elts gefal sa dat as SDS it rêdt om 7 kear efter elkoar te winnen sy net allinnich in nij rekord hawwe mar sy ek in moaie kans meitsje om de 2e-Perioade te pakken yn de 3e-Klasse B.
Sy moatte dan kommende sneon al winne út by sc Franeker 1 en 1 maart út by Makkum 1.
Thús tsjin koprinner IJVC op sneon 8 maart moat it dan beslist wurde.
Wyks der foar moat IJVC thús tsjin sc Franeker.
IJVC hat ynmiddels al 14 kear efter elkoar wûn.
De lêste kear dat SDS 1 in perioadetitel pakte wie yn it seizoen 2007-2008 yn de 2e-Klasse;
Douwe Posthuma makke as trainer fan vv Nijland ris mei dat hy 12 kear efterekoar wûn. Yn it seizoen 2014-2015 yn de 3e Klasse begie vv Nijland de kompetysje mei in 5-1 ferlies tsjin sc Joure 1 om dêr nei mar leafst 12 kompetysjewedstriden efterelkoar te winnen (bron: Voetbalnoord). De rige begie mei in 4-0 oerwinning op vv Bant en eindige mei in 1-0 ferlies by Bant. Nijland koe doe 5 kear efterelkoar net winne, mar waard al kampioen. Nijland wûn dus 12 kear efterelkoar yn in kompetysje fan 14 ploegen. Sy koenen allinnich net winne fan nûmer 12 sc Joure. Hjir ferlearen sy sels 2 kear fan.