SDS 1 seal wer naait?

SDS-CVVO sneon 17.00 oere
22 mei 2003
Daan Boersma kommende sneon flagger
22 mei 2003

It 1e sealteam fan SDS hat it wer krekt net rêdden te promovearjen. Sy waarden wer gjin kampioen en hawwe dan ek nergens rjocht op. Dat sy de prizen wer wat sneu misrûn binne leit him mei oan ‘e KNVB.

 

Foarich seizoen gie de striid om it 2e plak tusken ZVF en SDS. Sy moasten de lêste wedstriid noch tsjin mekoar spylje. Dizze wedstriid waard allinne net mear ynlaske troch de KNVB. Eins net sa’n probleem dêr it 2e plak gjin promoasje opleverje soe. Der kaam allinne in plakje yn ‘e 1e klasse frij en de KNVB joech ZVF dy. SDS hie by winst op ZVF 2e wurden (!?).

 

Dit jier waard Lemsterlân 1 út de haadklasse setten. Lemsterlân 2 sit by SDS yn en jimme riede it al. De spilers fan Lemsterlân 1 spilen foartaan yn in 2e. Lemsterlân kampioen en RES yn ‘e neikompetysje tsjin SDS, tocht eltsenien. RES skeakele SDS út yn ‘e neikompetysje, mar is sels yntusken ek al útskeakele. No docht allinne bliken dat Lemsterlân 3 punten yn mindering krigen hat(sy kamen de lêste wedstriid net opdagen(??) en dat RES kampioen wurden is. De neikompetysje is dus foar neat spile. Hoe komt de KNVB der ek by om de neikompetysje al spylje te litten, wylst de kompetysje noch net iens dien is?? RES sil dus wol promovearje en SDS………………….dy mei it folgend jier wer probearje. KNVB tige by tige.

 

By SDS gean der geruchten dat dhr. C.J. goeie kontakten hat by de KNVB